'Net nei genêzingstsjinst gean'

© Omrop Fryslân
Earnstich sike minsken soene net nei in genêzingstsjinst fan evangelist Jan Zijlstra gean moatte. Dat fynt dûmny Veldhuizen fan Dokkum. Neffens him kinne minsken dy't net better wurde, slim teloarsteld reitsje.
Veldhuizen hat sels tsjinsten fan Zijlstra besocht. Hy mist dêryn in pastorale benadering en romte foar fragen. Yntusken lûke de evangelisaasje-gearkomsten hieltyd mear minsken, ek yn Fryslân.