Harambe bliuwt leech

© Omrop Fryslân
It hat eins gjin doel mear om noch sosjale aktiviteiten te organisearjen yn sosjaal-kultureel sintrum Harambe yn Appelskea. Dy konklúzje lûkt de kulturele kommisje dy't alle jierren in programma opsteld foar de ynwenners fan de gemeente Eaststellingwerf.
It ôfrûne wykein organisearre de kommisje in konsert fan in koar mei njoggen leden. Dêr kamen mar acht besikers op ôf. De kommisje wol no gearwurkje mei de tsjerke fan Appelskea.