Wol Nassau-draverij yn Ljouwert

16 jan 2003 - 00:00

De kâns liket grut dat der yn juny wol in Nassau-draverij hâlden wurdt op de Eewal yn Ljouwert. Ferline jier koe de hurddraverij mei Fryske hynders net trochgean om't der net genôch jild foar wie. Dat kaam benammen om't de gemeente Ljouwert gjin subsydzje jaan woe.

Neffens Bearn Bilker, foarsitter fan ien fan de organisearjende sitftingen, komt der dit jier wol in bydrage fan Ljouwert. Der wurdt no besocht de draverij finansjeel rûn te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)