Net yntegreare mar partisipeare

16 jan 2003 - 00:00

Asylsikers moatte net te bot yntegrearje. Dat seit direkteur Haarsma fan it COA nei oanlieding fan de problemen op it Amelân. Santich persint fan alle minsken dy't asyl oanfreegje yn Nederlân rint ommers de kâns weromstjoerd te wurden.

De problemen mei it sluten fan de AVO's komme mei troch de gemeenten. Dy reagearren faak let of net op de fraach fan it COA oft der ek mooglikheden wiene foar in folslein azc.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)