Cambuur wint winterstopwedstriid

16 jan 2003 - 00:00

Cambuur wûn woansdei de earste wedstriid fan 2003. It wie in oefenwedstriid tsjin de earsteklasser sneon ONS út Snits. De wedstriid waard spile op it keunstgersfjild fan Surhústerfean.

Cambuur wûn mei 3-0. De rêststân wie 1-0. De doelpunten waarden makke troch Dirk Jan Derksen, Martijn Gootjens en Ferdino Hernandez. Trainer Rob McDonald wie tefreden oer dizze earste wedstriid yn de winterstop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)