Min jier foar kokkelfiskers

© Omrop Fryslân
Kokkelfiskers op de Waadsee ha in min seizoen hân. De resultaten falle ôf om't de groei fan kokkels it ôfrûne jier minder wie. Boppedat koe op guon plakken net fiske wurde om't der giftige algen yn it wetter sieten. Ek mochten de fiskers op guon plakken net komme om't fûgels, dy't fan kokkels libje, dan te min fretten ha soenen.
De kokkelfiskers meie dizze moanne noch fiskje. Dat is langer as oars om't se fanwegen de froast net útfarre koenen.