Frankena mooglik nei Letlân?

© Omrop Fryslân
Martin Frankena út Ljouwert sit by de lêste 32 artysten dy't mooglik foar Nederlân útstjoerd wurde nei it Eurovisie Songfestival. De sjonger en hoareka-ûndernimmer sjongt Zoeken in de lucht. Dat is skreaun troch eks-leden fan De Kast, Syb en Nico.
Der binne 4 lanlike foarwedstriden. Dêr komme acht kandidaten út dy't 8 maart yn Rotterdam yn de finale steane. Frankena moat 1 febrewaris sjonge. It program wurdt live by de Tros útstjoerd.