'Blamaazje foar Ljouwert'

© Omrop Fryslân
Ljouwert hat gjin jild om as Nassaustêd neamd te wurden yn de folder oer de Oranjerûte. Dêryn stiet in kultuer- histoaryske rûte lâns stêden yn Dútslân en Nederlân dy't mei de Oranjes te krijen ha. It neamen kostet de gemeente 3000 euro, mar dat jild is der net.
Neffens Bakker fan de Ljouwerter VVV is it in miste kâns dat de Fryske haadstêd net neamd wurdt yn publikaasjes. Bilker foarsitter fan de Stichting Nassau, fynt de subsydzje-ôfwizing in blamaazje.