Liet 2003 yn desimber

© Omrop Fryslân
Liet wurdt dit jier net yn maaie hâlden mar yn desimber. It bestjoer hat dat besletten fanwegen de ûntjouwingen om Liet Ynternasjonaal hinne. Dat barren soe dit jier earst gjin ferfolch krije om't der gjin jild beskikber wie. Nei oerlis mei gemeente en provinsje liket der dochs in kâns te wêzen.
Beide festivals moatte oan elkoar keppele bleaun wurde. It Fryske Liet is 6 desimber yn De Harmonie yn Ljouwert. Oant 26 septimber kin ynstjoerd wurde.