Mooglik nij gemaal by Harns

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten wolle in nij gemaal by Harns. Fierder wurde de polderdiken wersteld en komme der gebieten dy't by need ûnder wetter rinne kinne. Dat is nedich om yn de takomst droege fuotten te hâlden. De deputearren ûnderskriuwe dêrmei it advys fan de wurkgroep Wetter
Deputearre Bijman tinkt dat de saneamde kalamiteitepolders miskien net nedich binne. Oer twa jier moat út ûndersyk bliken dwaan hokker gebieten oanwiisd wurde kinne.