Balkenende yn Ljouwert

14 jan 2003 - 00:00

Jan Peter Balkenende wie tiisdei yn Ljouwert. De listlûker fan it CDA wie net op kampanje, mar op wurkbesite yn syn funksje as demisjonêr premier. Hy besocht de fleanbasis om bypraat te wurden oer de militêre organisaasje.

De fleanbasis hoecht net yn te sitten oer de F-16's mei it each op de besunigingen fan 800 miljoen euro by definsje. Foar Fryslân fynt de CDA-er it belangryk dat der in geunstich klimaat is foar ûndernimmers.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)