De Boer bliuwt yn Ljouwert

14 jan 2003 - 00:00

Margreeth de Boer wol gjin premier wurde yn it nije kabinet. De boargemaster fan Ljouwert fynt har funksje te belangryk en se fynt harsels ek te âld. Listlûker Bos moat foar de Twadde Keamerferkiezings mei in namme komme fan de persoan dy't mooglik minister-presidint wurdt as de PvdA de grutste partij wurdt.

Jacques Wallage, boargemaster fan Grins, waard ek as kandidaat neamd. Hy is der lykwols net mei dwaande.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)