Halsema:'Minister fan plattelân'

14 jan 2003 - 00:00

Der moat in minister foar it plattelân komme. Dat fynt Femke Halsema, listlûker fan GroenLinks. De partij wol dat de ûntjouwing fan it plattelân mear prioriteit krijt. Sa kin it plattelân leefber en grien wurde. It ministearje fan lânbou moat dêrom omfoarme wurde.

In taak fan de nije minister moat wêze it 'fergrienen' fan de lânbou. Der moat ek mear jild en omtinken komme foar natuerûntjouwing, beskerming fan griene romte en leefberens yn lytse kearnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)