Nije bus foar âldereinferfier

14 jan 2003 - 00:00

De Stichting Griffioen yn Wolvegea hat in nije bus. Alderein en minder faliden kinne gebrûk meitsje fan de bus as se lid binne. Mei de nije bus is der mear romte foar rolstuollen en ek is rekken hâlden mei rollators. De Stichting ferfiert de minsken yn de gemeente Weststellingwerf nei bygelyks de kapper of it sikehûs.

Neffens de stichting is der troch de fergrizing de kommende jierren mear ferlet fan sosjaal kultureel ferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)