DFG fallyt: 75 banen fuort

© Omrop Fryslân
Boubedriuw Drenthe Friesland Groep DFG giet dizze wike fallyt. By it bedriuw mei festigings yn Ljouwert, Assen en It Hearrenfean, wurkje 75 minsken. Dy binne no harren baan kwyt. DFG is ûntstien troch in fúzje fan Boringa út Ljouwert, Vosbouw út Assen en Kanaal West fan It Hearrenfean.
It bedriuw hat in skuld fan 8,5 miljoen euro. De ôfrûne wiken is besocht om in oernamekandidaat foar DFG te finen, mar dat is net slagge.