Achterstân yn brânfergunnings

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat net earder as yn 2007 de achterstân yn gebrûkersfergunnings ynrûn. It giet dan benammen om fergunnings foar brânfeiligens. De Nieuwe Leeuwarder Partij fynt de achterstân ûnakseptabel.
Neffens boargemaster De Boer hat de gemeente net genôch goed oplaat personiel. Boppedat hat de ried him der bydeljûn dat it jierren duorret foardat de achterstân ynrûn is. De Boer neamt it ek 'ûnferantwurde'.