Brutale oerfal op frou

14 jan 2003 - 00:00

In ynwenster fan Ljouwert (71) is moandeitemiddei oerfallen yn har eigen hûs oan it Fennenplein. In man kaam by har oan 'e doar, spuite de frou brânerich guod yn de eagen en drukte har oan de kant. Hy naaide út mei in beurs mei bankpaskes en mei jild.

De fertochte is in blanke man tusken 18 en 22 jier. Hy is sawat 1.75 meter lang, hie in blauwe mûtse op mei in reade streek op de foarkant en hy hie in blauwe nylonjas oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)