Túnpjutten feroverje Fryslân

13 jan 2003 - 00:00

De túnpjutten lykje Fryslân oer te nimmen. Oeral dûke se op, bretaal by minsken nei binne glurkjend. De oerlêst falt lykwols ta, want de pjutten binne poppen en wurde sels troch bewenners foar it rút delset. In aardichheidsje, om foarbygongers fan slach te bringen.

De túnpjutten, of gljurkpoppen, binne libbensechte poppen. Frou De Boer yn Burgum makket sa'n fjouwer yn de wike, mei strie, gaas en âlde klean. Ek yn guon winkels binne de poppen al te keap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)