Koart nijs

© Omrop Fryslân
In ûnbekende hat sneintenacht mei de auto in gevel yn Twizel raamd. Dy rekke dêrtroch ûntset. Nei de oanriding is de bestjoerder de auto útstapt en útnaaid. De auto wie sneon stellen yn Kollumersweach.
Op De Gerdyk binne dit wykein twa cv-tsjettels stellen. Dat barde oan it Skûtsje, út huzen wei dy't yn oanbou binne. De tsjettels ha in wearde fan inkelde tûzenen euro's.