Kloosterman listlûker Gem.Belang

13 jan 2003 - 00:00

Jan Kloosterman fan Bûtenpost wurdt de listlûker fan GemeenteBelangen foar de provinsjale steateferkiezings. Kommende sneon wurde de oare kandidaten op de list bekend makke. Wol wol Kloosterman kwyt dat it om in degelike list giet. Der steane dus gjin populistyske kandidaten lykas sporters op.

Kloosterman sjocht syn beneaming as in erkenning foar syn steatewurk. Oer syn beneaming wie gjin ferdieldheid yn de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)