Yep Kramer hâldt op

© Omrop Fryslân
Maratonreedrider Yep Kramer hâldt der definityf mei op. De 45-jierrige reedrider út de Frisia-ploech makke de ôfrûne moanne noch syn rentree yn it peleton nei't er earder yn 2002 operearre wie oan in rêchhernia. Nei in pear wedstriden die lykwols bliken dat syn rêch it net mear hâldt.
Takom jier wurdt Kramer mooglik ploechlieder fan de Frisia-ploech. Hy wie goed 18 jier aktyf yn it maraton-peleton. Hy hat 28 maratons wûn.