Klimmersploech nei Súd-Amearika

© Omrop Fryslân
De sân leden fan de klimmersploech fan Skylge binne ûnderweis fan Madrid nei Buenos Aires yn Argentinië. Dêr wol de ploech de kommende wiken de heechste berch fan Súd-Amearika, de Akonkagua, beklimme.
De ekspedysje nei Argentinië is in ferfolch op dy fan twa jier werom. Doe beklommen de manlju de heechste berch fan Afrika, de Kilimanjaro. De ploech hopet op 6 febrewaris wer werom te kommen op Skylge.