Hânballers Hellas winne
De manlju- en frouljuhânballers fan Hellas '57 út Ljouwert kamen snein yn aksje tsjin Hurry Up en BWO. Beide teams wûnen. De manlju wûnen mei 26-16 fan Hurry Up. Dêrmei skowe se ien plakje op yn it klassemint. Se steane no sechde.
De froulju fan Hellas fersleinen BWO mei 29-13. De winst kaam frij maklik yn hannen fan Hellas.