Opsjes foar feiliger fytspaad

12 jan 2003 - 00:00

It feiliger meitsjen fan de fytsrûte fan Tsjommearum nei Frjentsjer kostet op syn minst 30.000 euro. Dat hat de gemeente Frjentsjerteradiel besifere.

It probleem is de lêste 200 meter fan de provinsjale dyk nei Tsjommearum. Dêr leit gjin fytspaad om't der twa huzen te ticht oan de dyk stean. Fytsers moatte dêrtroch oer de dyk. In fytspaad achter de hûzen lâns kostet 75.000 euro. De beboude kom ferskowe is de helte goedkeaper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)