Fryske Gea lulk op Veerman

11 jan 2003 - 00:00

Fyftjin plannen fan it Fryske Gea rinne gefaar troch it ferbod fan minister Veerman fan lânbou en natuerbehear om grûn oan te keapjen foar natuerbehear. Neffens it Fryske Gea is it hast net mooglik om sûnder it oankeapjen fan grûn ta goeie plannen te kommen op it mêd fan werynrjochting en roalferkaveling.

It Fryske Gea skriuwt de minister yn in brief dat it natoerbehear yn Fryslân swier ûnder druk komt troch syn belied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)