Hynstekeuring hieltiid grutter

© Omrop Fryslân
De trijedeiske keuring fan jonge Fryske hynsten wurdt yn 'e takomst mooglik in dei langer. It evenemint fan it Frysk Hynstestamboek sit oan it plafond fan 'e mooglikheden. Der moatte no al ekstra tribunes pleatst wurde fanwege de grutte drokte en ek it tal te keuren hynsten brekt alle rekords.
Foar de bêste hynsten folget noch in sintraal ûndersyk yn Drachten en letter mooglik in dekbewiis fan it Frysk Hynstestamboek.