Debút-optreden Spanner yn Grins

11 jan 2003 - 00:00

Spanner, de nije band fan Syb van der Ploeg en eks-Kastdrummer Nico Outhuyse, spile freed by wize fan ferrassing op popfestival Eurosonic yn Grins. Spanner spile op it 'Fryske poadium' yn De Troubadour. De band makket stevige, alternative rock. Syb sjongt dêrby yn it Ingelsk.

De reaksjes op it optreden wiene oer it generaal posityf. De minsken wiene wol bot ferrast oer de nije styl fan Syb van der Ploeg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)