Fideo-auto's by plysje

10 jan 2003 - 00:00

De Fryske plysje brûkt op it stuit twa saneamde fideo-auto's om ferkearsmisdriuwen fêst te lizzen. Mei fideobylden sammelet de plysje bewiismateriaal tsjin minsken dy't te hurd ride of har asosjaal gedrage op de wei.

Op termyn krije alle plysjeteams yn Nederlân sokke auto's. No ride se allinnich noch yn Fryslân en Twente. De plysje sil geregeld oare typen auto's ynsette, om werkenning foar te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)