Advys oer Sportstêd wer útsteld

© Omrop Fryslân
De takomst fan it projekt Sportstêd Hearrenfean is noch altiten ûnwis. De Europeekse kommisje hat har advys oer it plan freed wer útsteld. De kommisje sil de finansiering fan it plan tsjin it ljocht hâlde. It beslút soe earst al foar de krystdagen komme.
Sportstêd Hearrenfean is in grut plan foar nije sportfasiliteiten. It Abe Lenstrastadion wurdt der by útwreide, der komme nij sporthallen en in nij swimbad.