Bistepartij op jacht yn Drachten

© Omrop Fryslân
Ien fan de nijkommers by de ferkiezings wie freed op stimmejacht yn Drachten: de Partij voor de Dieren. De partij fynt dat it regear allinnich omtinken hat foar saken as ûnderwiis en soarch en it wolwêzen fan it bist ferjit.
De partij bestiet twa moanne en hat sechtjin minsken op de list. It is mar de fraach oft dêr ien fan yn de Keamer komt. Lykwols besiket de partij sneon stimmen te winnen yn Hearrenfean en Ljouwert.