Rockopera oer Gysbert Japicx

© Omrop Fryslân
Dit jier is it 400 jier lyn dat de Fryske dichter en skriuwer Gysbert Japicx berne is. Om dat te fieren stean der ferskate aktiviteiten op de rol. Sa komt Reboelje mei de rockopera Master Gysbert, dêr't ek in cd fan útkomt. Ek komt der in cd út mei tradisjonele Gysbertlieten út 'e 17e ieu. Fierders wurdt alle tredde sneinen fan 'e moanne earne yn Fryslân in muzykprogram opfierd, mei ûnder oare Briquebec en koperblazers.