Hotel yn havenkraan goedkard

© Omrop Fryslân
De wolstânskommisje Hûs en Hiem is goed te sprekken oer it plan om de âlde havenkraan by de Nije Willemshaven yn Harns te ferbouwen. Undernimmer Gosse Beerda hat de kraan kocht en wol der in hotel fan meitsje, mei ien keamer deryn.
Oan de bûtenkant fan de kraan komme twa liften. De manier wêrop't Beerda dy oanbrocht hat, is hiel moai dien, sa fine de arsjitekten fan Hûs en Hiem.