Mear banen op It Hearrenfean?

10 jan 2003 - 00:00

De gemeente It Hearrenfean is yn petear mei in pear bedriuwen dy't mooglik nei dat plak ta ferhúzje wolle. Dat sei boargemaster De Jonge tongersdei op de nijjiersresepsje fan de Industriële Kring, de club fan bedriuwen dêr.

As de bedriuwen yndie nei 't Fean ta komme, dan soe dat in pear hûndert arbeidsplakken opsmite. De Jonge wol net sizze om hokker ûndernimmings it krekt giet. Ferline jier hawwe in protte minsken op 't Fean dien krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)