CU/SGP lulk op Suver Nuver

09 jan 2003 - 00:00

De steatefraksje fan Christenunie/SGP neamt de foarstelling De aankondiging fan Suver Nuver 'godslasterlik'. De partij ropt dêrom teaterleafhawwers op om gjin kaartsje te keapjen foar de foarstelling dy't op 17 en 18 jannewaris yn De Harmonie te sjen is.

De CU/SGP fynt dat yn it stik de draak stutsen wurdt mei alles dat kristenen dierber is. Jezus soe yn it stik delset wurde as in 'dwangmjittige dreamer mei erotyske fantasijen'.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)