Nije direkteur foar Thialf

© Omrop Fryslân
De problemen by Thialf lykje fan 'e baan. Grutoandielhâlder Joop van Bekkum hat syn oanpart oerdroegen oan in nije stichting. Dy moat it iisstadion út 'e finansjele problemen helje. Yn 'e stichting sitte de bedriuwen Essent, Interbrew, Staalbankiers en Friso.
Ald-bestjoerder Jarko Nieweg fan Essent is de nije direkteur. Hy hat de lestige taak om in skuld fan 8 miljoen euro fuort te wurkjen.