Nije frekwinsje foldocht net

09 jan 2003 - 00:00

De Nozema lit útsykje wat de oarsaak fan de minne ûntfangst fan Omrop Fryslân Radio is. De Omrop is yn desimber ferhuze nei de frekwinsje 92.2. Benammen yn it noardwesten fan de provinsje is de ûntfangst min. It ûndersyk fan de behearder fan de stjoerder moat oer fjirtjin dagen klear wêze.

As de nije frekwinsje net gaadlik is, stapt Omrop Fryslân nei it Ryk ta foar in oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)