Famke yn swimbad oantaast

09 jan 2003 - 00:00

Yn swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert is in famke fan 14 jier oantaast. Dat hat de plysje tongersdei befestige. It fergryp fûn al op 20 desimber plak. It famke wie doe op de lêste dei foar de Krystfakânsje oan it skoalswimmen. Leararen hâlden tafersjoch.

De plysje hat twa fertochten oppakt. Dy sitte op dit stuit fêst. Mear wol de plysje net kwyt oer de saak.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)