Jan Tekstra sjonger De Kast

© Omrop Fryslân
Jan Tekstra fan Heech wurdt de nije sjonger fan De Kast. Tekstra is bekend as tekstskriuwer fan Marco Borsato en Volumia. De 38-jierrige Tekstra makke koartlyn in súksesfolle solo-CD yn it Frysk. Dat komt goed út, want De Kast wol ek graach twatalich fierder.
It soe goed klikke tusken Tekstra en de oare bandleden, dy't bliid binne dat de opfolging fan Syb sa gau rûn is. Tekstra sil de kommende simmer syn debút meitsje by De Kast.