Radio Centraal yn problemen

09 jan 2003 - 00:00

Radio Centraal stjoert dit wykein mooglik net út. Meiwurkers fan de lokale omrop Weststellingwerf wolle dat twa bestjoersleden opstappe. As dat net bart, komme der gjin útstjoeringen. De foarsitter en de ponghâlder wurde ferwiten wanbelied te fieren oangeande de nije húsfesting en de opbringsten.

Eks-meiwurkers ha plannen om in nije lokale radio-omrop op te rjochtsjen, as Radio Centraal it net oprêde soe troch de swierrichheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)