Iepenloft Burgum stiet faai

© Omrop Fryslân
It iepenloftspul fan Burgum giet dit jier mooglik net troch. It komt yn de knipe om't ien fan de jûnen yn juny tagelyk mei it Wâldrock-festival is. Yn deselde snuorje is ek it folksdûnsfestival yn Burgum.
De wurkgroep fan it iepenloftspul wol dat de gemeente foar it wykein mei in oplossing komt. As dat net bart, giet it toaniel yn de iepen loft foar it earst yn 43 jier net troch. De belutsenen prate freed mei elkoar.