Maratonreedriden

© Omrop Fryslân
Petra Grimbergen fan It Hearrenfean is woansdei fjirde wurden by de tsiende maraton reedriden. Henny Borst-Bok fan Sint Nyk waard fyfde yn de wedstriid fan de KNSB/Essent kompetysje. Winner waard Gretha Smit. Grimbergen liedt it klassemint.
By de mannen wie Jeroen de Vries út Sint Nyk as alfde de rapste Fries yn de tolfde maratonwedstriid. Yn it klassemint stiet er fjirde nei Bertjan Van der Veen fan De Jouwer.