Stipe foar ict-bedriuwen

08 jan 2003 - 00:00

Deputearre Steaten wolle de ict- feriening Friesland stypje. It jild, goed 40.000 euro, moat komme út it Sosjaal Ekonomysk Beliedsfûns. Mei de stipe kinne tolve jonge bedriuwen op it mêd fan automatisearring har presintearje op in grutte fakbeurs.

Mei elkoar kostet de presintaasje 85.000 euro. De bedriuwen moatte sels ek meibetelje. Mei it platfoarm kinne de bedriuwen har sjen litte oan oare bedriuwen bûten de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)