Dambûn fiert jubileum

© Omrop Fryslân
De favoriten yn it jubileumtoernoai fan it Fryske Dambûn PFDB binne tiisdei goed begûn. Guntis Valneris út Letlân, Auke Scholma en Ndiaga Samb út Senegal wûnen de earste partij. Mei noch njoggen oare spilers kinne se har pleatse foar de twadde ronde.
De finale fan it toernoai is freed. It toernoai is organiseare fanwegen it 75-jierrich bestean fan it Fryske Dambûn.