Wer ride op natueriis

07 jan 2003 - 00:00

It koe net útbliuwe fansels. Nei in nacht strange froast stienen de earste reedriders tiisdei al wer op natueriis. De Ryptsjerksterpolder luts de fanatisy oan yn it nije jier. Neffens it waarberjocht hâldt it winterwaar dizze wike noch oan.

Yn Haulerwyk wurdt freed it Frysk kampioenskip maratonriden op natueriis hâlden. Nei alle gedachten is it iis dan tolve sintimeter dik op de baan fan 400 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)