Priis foar lessen Dúts

07 jan 2003 - 00:00

It Stellingwerf College yn Easterwâlde hat de Fryske ûnderwiispriis krige foar de oanpak fan 'e lessen Dúts. De skoalle stjoerde Havo-5-learlingen nei Aurich yn East-Fryslân ta om Dúts praten te learen. Dat kaam hiel goed út foar it eksamen sprekfeardigens. De sjuery is wakker te sprekken oer dy bysûndere oanpak. De sprekfeardigens wurdt sa folle better stimulearre. De skoalle stjoert no miskien ek learlingen nei Frankryk ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)