Freed FK maraton yn Haulerwyk

© Omrop Fryslân
Yn Haulerwyk wurdt, as it waar it talit, no freed it Frysk Kampioenskip maratonriden op natoeriis hâlden. Nei alle gedachten leit freed tolve sentimeter iis op 'e 400 meter baan en dat is genôch foar maratonriden.
Der wurdt freed riden yn trije kategoryen: om seis oere de froulju, om sân oere de feteranen en om acht oere de A-, B- en C-riders. Yn desimber 2002 organisearre Haulerwyk ek al de earste koartebaanriderij op natoeriis.