Betelle fuotballers de seal yn

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hâlde moandei de earste training fan 2003 yn 'e Gordykster sporthal Koartsweagen. Net ideaal, neffens Foppe de Haan, mar wol goed as training foar in sealfuotbaltoernoai yn Sweden, dêr't SC Hearrenfean letter dizze wike oan meidwaan sil. Nije wike kin SC Hearrenfean op trainingskamp yn Turkije wer bûtendoar traine.
Cambuur hat gjin jild foar in reis nei it bûtenlân. De Ljouwerters traine foarearst gewoan yn 'e seal.