Antonius-sikehûs wurdt 100 jier

06 jan 2003 - 00:00

It Antonius-sikehûs yn Snits sil ek dit jier mei it jild útkomme. Dat sil wol wat pine jaan om't it mei de ekonomy net goed giet. Oan de hege wurkdruk bygelyks kin neat dien wurde. Dat sei direkteur Schuurman fan it sikehûs by in spesjaal moarnsbrochje om it nije jier yn te setten.

It moarnsbrochje wie tagelyk de start fan it jubileumjier fan it sikehûs. Op 23 septimber is it hûndert jier lyn dat it sikehûs iepene waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)