'Wij zijn 't zat' wurdt stifting

06 jan 2003 - 00:00

It Ljouwerter aksjekomitee 'Wij zijn het zat' is fan moandei ôf offisjeel in stifting. De stifting komt op foar de belangen fan de omwenjenden fan de rûnwei Julianaleane Heliconwei Valeriusstrjitte yn Ljouwert. De gemeente wol de dyk ferdûbelje, mar de omwenjenden binne tsjin dat plan.

De ferdûbeling stiet beskreaun yn it gemeentlik ferkears- en ferfiersplan. Dat komt fan 21 jannewaris ôf yn de ynspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)