Plysje hâldt miljeu-aksje tsjin
In aksje fan miljeudefinsje is sneintenacht tsjinhâlden troch de plysje. Aksjefierders woene it byld fan it fryske hynder Dago op de Nijstêd yn Ljouwert in dûkbril opsette. Dêrneist moast in protestboerd komme.
Miljeudefinsje woe sa dúdlik meitsje dat de politike partijen net genôch omtinken jouwe oan it broeikaseffekt, dêr't de seespegel troch omheech giet. Yn 19 oare stêden waard de aksje wol útfierd.